Soad treinen ride dizze wike net: testwurk foar ekstra sneltrein Ljouwert-Grins

23 nov 2020 - 15:49

In soad treinen ride dizze wike net yn Fryslân. Dat komt omdat ferfierder Arriva it spoar ree makket foar de ekstra sneltrein dy't tusken Grins en Ljouwert ride moat. Dêrom fleane der de hiele wike bussen tusken Ljouwert en Bûtenpost hinne en wer yn stee fan treinen. Freed oant en mei snein ride der ek gjin treinen op de trajekten Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum. Ek dêr ride bussen as ferfanging.

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Takom wike moandei is de lêste dei fan it testwurk, dan ride der bussen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Alle ynformaasje is hjir op in rychje te finen.

Trefwurden: 
Ljouwert Arriva Grins sneltrein
(Advertinsje)
(Advertinsje)