Soad yllegaal fjoerwurk oantroffen by grutte plysjeaksje Waadhoeke

23 nov 2020 - 15:24

De plysje hat moandei op trije ferskate lokaasjes yn gemeente Waadhoeke ynfallen dien fanwege yllegale fjoerwurkhannel. Yn Tsjom is sa in soad swier fjoerwurk oantroffen. De plysje hat by de aksje trije fertochten oanholden út gemeente Waadhoeke. It giet om twa ynfallen yn Tsjom en ien yn Tsjummearum.

Fjoerwurk

De plysje kaam de yllegale hannel op it spoar troch in tip fia Meld Misdaad Anoniem. Net allinne yn Tsjom is profesjoneel fjoerwurk fûn. Ek op twa oare lokaasjes is fjoerwurk en oar yllegaal guod fûn. It oantroffen fjoerwurk kin libbensgefaarlik wêze, sa hat de plysje witte litten. Hoefolle fjoerwurk it krekt is, wurdt noch ûndersocht.

Foto: Kappers Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)