RIVM: 125 nije besmettingen yn Fryslân, 1 stjergefal

Der binne de ôfrûne 24 oeren 125 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 35 mear as snein, doe wiene it der 90. Nei it wykein jouwe de sifers lykwols soms wat in fertekene byld.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Eaststellingwerf (31). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân (24).
Yn Fryslân is sûnt snein ien nei stjergefal meld en ien nije sikehûsopname, beide yn Súdwest-Fryslân.
Lanlik binne der 5214 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der 182 minder as snein.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.