Wylde Swan oer krityk op sylreis yn coronatiid: "We hebben heel wat uit te leggen"

23 nov 2020 - 14:12

De minsken fan it grutte sylskip Wylde Swan hawwe begryp foar de krityk dy't der is op de reis dy't se yn coronatiid meitsje mei skoalbern. "We hebben heel wat uit te leggen," seit Christophe Meijer fan De Wylde Swan, "en dat doen we ook graag."

Foto: Wylde Swan

Dizze wike farre 28 middelbere skoalbern de oseaan oer op it tallship Wylde Swan. Twa dêrfan komme út Fryslân. It skip is harren klaslokaal.

De Wylde Swan waard oan it begjin fan it jier ynternasjonaal bekend doe't it skip by it útbrekken fan de pandemy oan de oare kant fan de wrâld gjin haven mear yn mocht. Der wie noch mar ien opsje: oer de Atlantyske Oseaan weromsile nei Nederlân.

By oankomst yn Harns stie de haven - foar safier't dat binnen de coronaregels koe - fol mei âlders, en kameraploegen.

Dat it skip no opnij útfart, soarget foar krityk. Dy is sa no en dan behoarlik pittich, seit Meijer. Mar hy hat der wol begryp foar. "Het is een moeilijke tijd voor iedereen."

Hoe grut oft it skip ek is, oan board is it dreech om oardel meter ôfstân te hâlden, seit Meijer. Neffens him hoecht it ek net. "Alle leerlingen zijn op corona getest. We zitten in onze eigen bubbel."

De reis útstelle is gjin opsje, seit Meijer. De bern ha der in jier lang nei talibbe. En takom jier soene se te âld wêze. Dus it is no farre, of net farre, seit er.

Christophe Meijer fan de Wylde Swan

(Advertinsje)
(Advertinsje)