Tútsje der op? It wurket echt!

Tútsje der op? It is de meast stelde fraach fan eltse mem as bern gûlend thús komme. In 'kwakzalvers-oplossing' soest miskien tinke, mar neat is minder wier. Neffens it boek 'Kusje er op' fan sûnenssjoernalist Tijn Elferink en húsdokter Rutger Verhoeff wurket sa'n tútsje wol deeglik.
© ANP Foto
Beide skriuwers sette yn it boek 'Kusje er op' tal fan sûnensmytes sintraal. "We verbaasden ons over alle mythes die de ronde gaan", fertelt Tijn Elferink. "In de meeste gevallen geldt: baat het niet dan schaadt het niet. Maar er zijn een aantal mythes die niet gezond zijn om te doen."
Yn it boek stean mar leafst santich mytes oer sûnens. Fan sipels njonken it bêd ast ferkâlden bist en in panne pikesop ite ast siik bist oant ôffalle yn de sauna en cranberrysop drinke tsjin blaasûntstekking. Yn alle fjouwer gefallen jildt lykwols dat it net wurket.
Opfallend genôch is der ien op it each simpele myte dy't wól doocht. En dat is dy fan it tútsje der op. Elferink leit út hoe't dat kin. "We hebben twee soorten pijnsystemen: de eerste is echt grove pijn en de tweede is van de aanraking. Als je heel erg veel pijn hebt en je voelt tegelijkertijd een andere, zachte, lieve aanraking, dan neemt de pijn af. Dus een kusje er op werkt wel degelijk!"
Harkje nei Tijn Elferink