Fryske skoalbestjoerders oer oprop foar strangere maatregels: "Wat in flauwekul"

23 nov 2020 - 12:37

"Dit is de zoveelste deskundige die weer iets roept over wat we als onderwijs moeten doen. Dat veroorzaakt alleen maar onrust bij leerlingen en ouders." Dit seit bestjoerder Hans Wildeboer fan it Bornego College op It Hearrenfean as reaksje op de oprop fan epidemiolooch Patricia Bruining snein yn Nieuwsuur. "Het wordt tijd dat ze in Den Haag met één mond spreken, zodat het beleid helder wordt", fynt Wildeboer.

Fryske skoalbestjoerders oer oprop foar strangere maatregels

De maatregels op middelbere skoallen moatte ferskerpe wurde om it tal besmettingen tsjin te gean. Dat sei epidemiolooch Patricia Bruining snein yn Nieuwsuur. Se tinkt dan bygelyks oan in oanpassing fan it lesroaster en de pauzes om foar te kommen dat der tefolle learlingen by elkoar komme. Ek soene der neffens har fluchtesten op skoalle komme moatte. Fryske skoallen reagearje ferskillend.

Neffens skoalbestjoerder Joost Visser fan it kristlik foartset ûnderwiis yn Noard-Fryslân is it noch te betiid om strangere maatregels te nimmen. "Ik snap de gedachte wel, omdat we op scholen de daling van het aantal besmettingen niet constateren. Toch wil ik eerst een onderbouwd onderzoek zien en een advies van het Outbreak Management Team afwachten voordat we stappen gaan nemen. Wat het OMT zegt, dat is onze lijn en die volgen we."

Visser wol sa foarkomme dar der grutte ferskillen ûntstean op skoallen. "Als we allemaal onze eigen maatregelen gaan nemen, wordt het een rommeltje. Dat zorgt voor nog meer onrust op scholen en dat is iets wat we niet willen."

Ek bestjoerder Geert van Lonkhuyzen fan it Dokkinga College, Pro Dokkum en IBS op Skiermûntseach tinkt der sa oer. "We gaan afwachten om te voorkomen dat het alle kanten op vliegt. Ik wil eerst zien wat het kabinet met dit advies doet." Neffens Van Lonkhuyzen falle de besmettingen op syn skoallen ta, as je it ferlykje mei it lanlike byld. "Ze zijn net niet op de vingers van één hand te tellen."

"Dit is grutte flauwekul"

Wiebe Wieling, bestjoerder fan it Piter Jelles, fynt it advys fan ekstra yngrepen op skoallen 'grutte flauwekul'. "Moatst ris sjen wat we allegear al dogge mei 'looplijnen' en skermen", jout er as foarbylden. Op de skoallen fan it Piter Jelles yn Ljouwert, Dokkum, Kollum en Sint-Anne sitte al mei al sa'n fiiftûzen bern.

Wieling neamt it tal besmettings marzjinaal. "Dat is net iens yn persinten út te drukken. Grut probleem is dat je net krekt witte wa't corona hat en wa net. De bern hawwe der gjin lêst fan. As jo elke learling teste soene, binne it der folle mear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)