'Alle zeilen bij' nei 56 coronagefallen by OlmenEs yn Appelskea

23 nov 2020 - 12:23

By soarchynstelling OlmenEs yn Appelskea binne 37 bewenners posityf test op it coronafirus. Ek 19 meiwurkers hawwe it firus oprûn. Dat seit Rob de Breij. Hy is bestjoerder by OlmenEs. OlmenEs is in mienskip foar folwoeksenen mei in ferstanlike beheining.

Utbraan corona by OlmenEs yn Appelskea

Freed binne alle 130 bewenners test. Dêrút binne doe al 25 besmettingen nei foaren kaam. Earder wiene ek al bewenners posityf test, seit De Breij no.

"Dit is wel even schrikken"

"We zetten alle zeilen bij om de zorg te continueren," seit De Breij. "De meeste bewoners die besmet zijn, hebben geen of milde klachten. Maar dit is wel even schrikken."

De begelieding moat skerp wêze, seit De Breij. "Het lukt de doelgroep niet altijd om zelf de klachten aan te geven." Dat is ek de reden dat it bestjoer besletten hat om alle bewenners te testen. "Het kan zijn dat mensen zonder klachten wel besmettelijk zijn. Dat blijkt nu ook het geval te zijn."

De bewenners dy't besmet binne, wurde op it eigen terrein behannele. Guon op de eigen keamer, en oaren op in kohort-ôfdieling. Dêr hat OlmenEs der trije fan.

Bestjoerder De Breij fan OlmenEs

Trefwurden: 
Appelskea coronafirus OlmenEs
(Advertinsje)
(Advertinsje)