Strieljagers en plakette betinke delstoarten bommewerper by Sint-Nyk

By Sint-Nyk komt in plakette, om de Amearikaanske soldaten te betinken dy't dêr yn 1943 omkamen, doe't de bommewerper dêr't se yn sieten delstoarte. In frou dy't dat as famke sjoen hat, ûntbleatet it monumint. As it waar it tastiet, fleane der dan ek fjouwer F-16's oer.
© Commissie Eerbetoon Las Vegas Wreker
De ûntbleating fan it monumint, op de grins fan Sint-Nyk en Dunegea, is op 26 novimber. Dat is de datum dêr't it tastel op delstoarte, yn 1943. Eins soe dêr op 2 maaie al by stilstien wurde, mei de famylje fan de omkommen soldaten, mar troch de coronakrisis koe dat doe net trochgean. Neibesteanden binne der no ek noch net by, mar it pleatslik belang fan Sint-Nyk woe net langer wachtsje.

'Een minder bekend oorlogsverhaal'

De Amerikaanske bommewerper soe delstoart wêze, neidat er yn de loft rekke is troch Dútsk ôfwargeskut. De rûte oer Fryslân wie de koartste, nei de feilige Noardsee. Dêr soe de bemanning troch rêdingsboaten oppikt wurde kinne, mar dat ha se net helle, sei Peter van Barneveld, dy't it ferhaal útsocht hat, earder tsjin De Sint Nykster.
"Bijzonder omdat dit in de directe omgeving eigenlijk de enige Amerikaanse bommenwerper is, die is neergestort. Misschien dat het de Friese nuchterheid is, maar dit is toch een minder bekend oorlogsverhaal."

Crash mei ljochtskyndei

Der sieten yn totaal 10 minsken yn it tastel. Fjouwer kamen by de crash om it libben.
Om it middeisoere hinne stoarte it tastel tsjin de grûn. In protte minsken moatte dêr tsjûge fan west ha, seit Van Barneveld, omdat it ljochtskyndei wie. Ien fan dy minsken wie Akke Nijholt-Postma. Se is no 90, en as famke fan 13 seach se it tastel delkommen. Sy is de frou dy't de plakette ûntbleatet.

'Fleantugen hearden we faker, mar dit wie oars'

It lûd wie it earste dat opfoel, sei se earder tsjin De Sint Nykster. "Fleantugen en sjitterij kamen wol faker foar, mar dit wie oars. We stoden nei bûten ta, om te sjen." Se seach it tastel delkommen, en ek soldaten dy't der mei in parasjute útsprongen wiene.
"Ik wit noch hiel goed dat mem de parasjutisten mei gjin mooglikheid yn ús skuorre ha woe." Gau neidat de Amerikaan rjochting de mar flechte wie, kamen de Dútsers. "Dy lutsen myn heit driigjend oan de mouwe. Wo sind die Amerikanen?"
De seis bemanningsleden dy't de crash oerlibben, binne deselde dei noch troch de Dútsers oppakt.