Ljouwerter krijt twa wiken ûnder betingst foar ferkeapjen fan swarte kaartsjes foar Zwarte Cross

In 19-jierrige Ljouwerter hat moandei twa wiken selstraf ûnder betingst krigen foar it ferkeapjen fan kaartsjes foar it Zwarte Cross-festival. Kaartsjes dy't de man hielendal net hie.
© ANP Foto
De Ljouwerter liende syn id-kaart út oan twa maten, dy't in bankrekken iepenen ûnder syn namme. Dêrnei brûkten se de rekken foar it ferkeapjen fan sabeare kaartsjes foar de Zwarte Cross. In slachtoffer makke 300 euro oer foar de kaartsjes, dy't der hielendal net wienen.
De rjochter joech de man in selstraf ûnder betingst, wat betsjut dat er net de finzenis yn hoecht as er net op 'e nij de fout yn giet. Neffens de rjochter giet it om in 'stok achter de deur'. De Ljouwerter moat it slachtoffer syn 300 euro werombetelje.