Belgyske ûndersiker siket Fryske himpkwekers

23 nov 2020 - 10:46

De Belgyske professor Tom Decorte siket Fryske himpkwekers. Decorte docht ûndersyk nei it saneamde 'canabisbeleid' yn ferskate lannen. Dêrfoar freget er kwekers út 17 lannen nei harren ferhaal.

Foto: Pixabay

Decorte freget himpkwekers nei harren ûnderfining, harren motivaasje om himp te kweken en harren eigen konsumpjes fan ferdôvjende middels. Ek is de Belgyske ûndersiker nijsgjirrich hoe't alle kwekers yn kontakt stean mei merken dêr't de drugs ferhannele wurdt. Sa wol er in realistysk byld sketse fan de himpwrâld.

Meidwaan kin folslein anonym op de webside fan it ûndersyk.

Professor Tom Decorte

Trefwurden: 
ûndersyk himp himpkweker
(Advertinsje)
(Advertinsje)