Trije Fryske grinsrjochters yn aksje by Champions League-wedstriden

It is hast in folksferhûzing: dizze wike reizgje mar leafst trije Fryske grinsrjochters ôf nei Frankryk om by in Champions League-wedstriid te flagjen. It giet om Erwin Zeinstra út Dronryp, dy't tiisdeitejûn yn aksje komt mei skiedsrjochter Björn Kuipers, en Hessel Steegstra fan Snits en Mario Diks fan Ljouwert, dy't flagje by skiedsrjochter Danny Makkelie.
© Omrop Fryslân
Grinsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp komt tiisdeitejûn yn aksje yn de Champions League-wedstriid tusken Stade Rennes en Chelsea. De wedstriid wurdt spile yn it stadion Roazhon Park yn Frankryk en begjint om 18.55 oere. Earder wûn Chelsea thús mei 3-0 fan de Frânsen.
Diks en Steegstra komme yn aksje by de wedstriid tusken Paris Saint-Germain en RB Leipzig. Earder wûn Leipzig mei 2-1 fan PSG.