Folle mear brúnfisken yn de Noardsee

23 nov 2020 - 10:14

It tal brúnfisken yn it Nederlânske part fan de Noardsee rint behoarlik op. Ferline jier wiene it der sân kear safolle as yn 1991. Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Foto: SOSDolfijn

Sûnt it begjin fan de moanne steane de brúnfisken net mear op de 'reade list' mei bedrige bisten. Fan 1940 ôf gong it oantal brúnfisken hurd achterút.

De taname fan it oantal brúnfisken komt no mei trochdat de populaasje út it noarden nei it suden ferhuzet. It oantal kin binnen in jier fariearje fan 26.000 oant 86.000.

Sûnt 2014 wurde de brúnfisken wer wat minder fan it fêstelân ôf sjoen. Der spiele ek mear oan, mei yn 2012 in pyk fan 980 stiks, mar dat oantal is wer oan it ôfnimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)