Kollum: "Kittens"

23 nov 2020 - 08:15

"Us katten Spikkel en Puk hiene de leafde bedreaun en no wie it rêstich ôfwachtsjen op it resultaat. Myn freon en ik wiene it iens: ien kear in nêstje. Sa'n hiele befalling is dreech genôch foar it bistje en dêrby binne der al safolle katten op 'e wrâld. Spikkel mei der ien kear op, mar dêrnei rekket hy sy manlikheid kwyt.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Puk waard grouwer en grouwer. Wylst Puk mar in hiel lyts katsje is. It like wol in ein, se waggele deroer. Doe't it hast sa fier wie, tocht ik: "hoe wurket dat eins, sa'n kattebefalling?" Ik it ynternet op. In oere letter wie ik behoarlik yn panyk. Ik moast noch fan alles regelje!

Kittefoer, werpdoaze, skjinne handoeken, termometer, weachskeal en in waarmtelamp. Check! Us hûs is bytiden krekt in frieskiste, dus sa'n lampe is gjin oerstallige lúkse. Mar nei de waarmtelamp waard it rychje komplekser: skjirre, boltsje jern, slymsûger, neillak en, hiel belangryk, joadium- of 'chloorhexidinetinctuur'. Lit ús sizze in hiele operaasje-kit foar as memmepoes it sels net allegear mear wit.

No bin ik net sa'n dokter, dus mar hoopje dat de natuer syn gong giet. "Wat in drokte om dy jonge katten", sei heit, doe't ik ús âlders even ferslach joech fan de oankommende befalling. "Op de pleats binne hûnderden katten berne, sûnder help fan wa dan ek." Nei heit syn wurden besleat ik de operaasje-kit mar even te skippen.

Uteinlik ha ik gewoan de EHBO-trommel en in grutte doaze pakt, dêr't ik op skreau: Puk syn kreamkeamer. Ik ha Puk derynset, mar leau mar net dat se dat woe. It wie in spultsje fan deryn, derút, deryn, derút, ensafuorthinne. Ik ha it opjûn mei it idee: "dan fine we har mar earne yn in kleankast. Prima."

Mei spanning siet ik ôf te wachtsjen. De hiele nacht om de pear oeren de wekker sette om efkes by har te sjen (heit soe my foar gek ferklearje, mar toe mar.) De earste kear lei se op 'e bank, gjin kittens, de twadde kear lei se op de oare bank, noch gjin kittens, de tredde kear lei se yn har werpdoaze . Moai, hie dy toch net foar neat west! Soe it hast safier wêze? Se prate wat mei my, miaude en seach my mei grutte eagen oan.

Ik ha har in aaike jûn en bin werom op bêd gongen. Klearwekker fansels, dus der wer ôf. En doe wie it einlings safier. Ik fûn Puk mei in lyts slimerich propke neist har, drok dwaande mei skjin slikjen. It propke pipe sêft. Nei nûmer ien folgen gau twa en trije en nei trije oeren ek noch fjouwer en fiif! Op it each allegear sûn, mar wol wat lyts; 75 gram it stik. Dat is krekt sa folle as in kiwy! Ik wie oandien en bliid, lokkich gjin operaasje-kit nedich hân.

De hiele dei ha ik dernei sjoen. Hypnotisearre troch it leaflike tafriel fan in spinnende memmepoes mei fiif sobjende jongen oan har spientsjes. In pear wike fierder en se race troch de keamer, hingje yn 'e gerdinen en brûke my as klimrek. Se klimme sa by de boksen omheech! O wat genietsje ik derfan. Mei kittens om dy hinne, hast nea wer in min sin.

Wylst ik dit skreau, waggelet Puk foarby. Moaie memmepoes dat se is. Mar ho ris even, waggelje? Liket se no alwer grouwer te wurden? Telefoantsje nei de bistedokter. Noch oant seis wike nei de kastraasje kin de boarre in wyfke befruchtsje. It sil toch net..."

(Advertinsje)
(Advertinsje)