SC Bolsward sil klaaikeamers opknappe mei help fan Vriedenloterij

23 nov 2020 - 07:06

SC Bolsward hat 5000 euro krigen fan de Vriendenloterij. De Boalserter fuotbalklup is beneamd ta ien fan de 'Klups fan de Wike' en krijt foar ien kear fiiftûzen euro om sels in bestimming foar te sykjen binnen de klup. De klup sil de klaaikeamers opknappe.

Foto: Omrop Fryslân

Siebren Wielinga fan SC Bolsward leit út wat der krekt barre sil. "We gaan de kleedkamers onder handen nemen, net als de verzorgingsruimte. Daar lopen we al een tijdje achter met het onderhoud. De douches zijn hoognodig aan een opknapbeurt toe."

Njonken de 5000 euro kin de fuotbalklup ek wol wat help fan frijwilligers brûke. "Onze begroting komt uit op 5000 euro, dus we hebben straks wat handjes nodig om mee te helpen."

Yn de gemeente wurdt al in tiid sprutsen oer it opknappen fan it sportpark yn Boalsert. Dochs wol Wielinga sa lang net wachtsje. "Ik verwacht niet dat we volgend jaar een nieuw sportpark krijgen. En we willen niet wachten tot het zo ver is. We moeten nu stappen nemen en de handen uit de mouwen steken."

As alles neffens planning ferrint, binne de klaaikeamers yn de maitiid fan 2021 klear.

Siebren Wielinga fan SC Bolsward

(Advertinsje)
(Advertinsje)