Histoaryske fibula krijt in thús yn it Fries Museum

23 nov 2020 - 06:00

De grutte fibula dy't earder dit jier fûn waard yn de buert fan Swichum, krijt in permanint plak yn it Fries Museum. Neffens it museum yn Ljouwert is de gouden spjelde in topstik. Se binne dan ek tige wiis dat it stik oan de kolleksje tafoege wurde kin.

Histoaryske fibula

It giet om in unike fergulde Domburgfibula út de sânde iuw, fersierd yn Skandinavyske styl. It sieraad waard fûn troch detektorsiker Robbert Velt. Hy neamt it de 'fynst fan syn libben'. Op snein 17 maaie die er de bysûndere ûntdekking.

Foto: Omrop Fryslân

Ut ûndersyk hat bliken dien dat it giet om in Domburgfibula, dy't gewoanwei foarkomme yn it Nederlânsk kustgebiet, en it sintrale rivieregebiet yn de sechde en sânde iuw. Dizze spesifike spjelde is lykwols unyk, om't er hast twa kear sa grut is as gewoan: goed alve sintimeter. Ek is de fibula makke fan fergulde sulver, wylst se gewoanwei makke waarden fan brûns.

Huginn en Munnin

It meast bysûndere oan de fibula fan Swichum binne lykwols de fersieringen. De fibula hat twa bistekoppen, mooglik giet it om de raven Huginn en Munnin, de twa raven fan de Noardske god Odin. Dêrnjonken binne flechtbânmotiven te sjen, dy't noch nea earder op ditsoarte spjelden fûn binne. Op basis fan de fersieringen kin it stik datearre wurde op de sânde iuw, en de útfiering wiist op produksje yn Nederlân.

Harkje nei in petear mei Robbert Velt, de finer fan de fibula

Konservator fan it Fries Museum Diana Spiekhout is út de skroeven mei it feit dat har museum it stik bemachtigje koe.

"Luxegoederen, zoals deze fibula, zijn niet alleen mooi om te zien, maar ze helpen ook om de samenleving van die tijd te reconstrueren. Ze werden gebruikt door de (supra)regionale elite: de 'koningen' en hun familie."

"Zij gebruikten de mooiste voorwerpen om zelf mee te pronken, of gaven de iets minder luxe voorwerpen aan de lokale elite om haar trouw mee te winnen. Daarnaast werden dergelijke goederen geschonken aan bevriende koninklijke families als relatiegeschenken. Deze speld leert ons ook iets over de culturele oriëntatie van de vroegmiddeleeuwse Nederlandse kustbewoners."

"Hoewel de vorm van de speld typisch Fries is, is deze fibula veel groter dan de gebruikelijke van dit type en is de versiering en vormentaal in Scandinavische stijl vervaardigd. Dat kopieerden de Friezen op hun spelden."

Neffens Spiekhout is de fibula fan ûnskatbere wearde, benammen om't se net faak fûn wurde. It is dan ek in echt topstik yn it Fries Museum. Wannear't de fibula krekt te sjen wêze sil foar publyk is noch net bekend.

Harkje nei in petear mei Diana Spiekhout fan it Fries Museum

Trefwurden: 
Fries Museum Swichum fibula
(Advertinsje)
(Advertinsje)