Hurde wurden yn klaaikeamer SC Hearrenfean: "Dit mag niet"

22 nov 2020 - 21:58

As SC Hearrenfean meidraaie wol yn de subtop fan de earedifyzje, dan mei de klup net mear goals fuort jaan sa as de 1-1 tsjin RKC Waalwijk snein. Dat wie de konklúzje fan trainer Johnny Jansen en doelman Erwin Mulder nei de westriid. Mulder: "We willen aanhaken bij de plaatsen boven ons, maar zo ver zijn we blijkbaar nog niet."

Erwin Mulder - Foto: www.orange-pictures.nl

Der binne hurde wurden fallen yn de klaaikeamer nei de wedstriid. Hearrenfean stie de hiele twadde helte mei in man minder, nei de reade kaart fan Sieben Dewaele flak foar it skoft. Mei tsien tsjin alve hie Hearrenfean it dreech, mar de Friezen holden lang stân. Oant de 83e minút.

"Ze hadden wel wat kansjes, maar dat de 1-1 valt uit een standaardsituatie, dat mag echt niet gebeuren", seit Erwin Mulder. "Er wordt een korte corner genomen en dan mag zo'n jongen (doelpuntemakker Damascan, red.) vrij de bal aannemen en schieten, op zeven meter van de goal. Dat mag niet, we moeten deze wedstrijden gewoon winnen."

Erwin Mulder baalde fan hoe't Hearrenfean de 1-1 fuort joech

In grut part fan de twadde helte spile him ôf op de helte fan Hearrenfean. Logysk, mei in man minder, mar neffens trainer Johnny Jansen hie syn ploech wol wat fierder fan de goal fuotbalje mochten. "We kwamen te veel onder druk. Als we iets verder uit onze 16 kunnen blijven, dan wordt het al iets makkelijker."

Johnny Jansen - Foto: www.orange-pictures.nl

De trainer baalde fan it puntferlies, mar fûn dat syn ploech it fierder frij goed die. "Ik ben tevreden over de eerste helft. We kregen veel mogelijkheden en gaven niet veel weg." Punt fan krityk: Hearrenfean hie de foarsprong útwreidzje moatten. Benammen Mitchell van Bergen hie in soad kânsen op de 0-2. "Dat weet-ie zelf maar al te goed", seit Jansen. "Hij creëert ongelooflijk veel mogelijkheden, dat is een grote kwaliteit. Maar hij moet zichzelf gaan belonen."

It kantelpunt yn de wedstriid wie dúdlik de reade keart foar Dewaele flak foar it skoft. Neffens Jansen wie de kaart wol terjochte. "Die hoeven we niet terug te zien. Hij zet z'n voet op de voet van de tegenstander, met gestrekt been."

Corona by Hearrenfean

Dewaele stie oan de ôftraap omdat Oliver Batista Meier snein ûnbruts by de Friezen. Sneon waard foar it earst in coronagefal fêststeld by Hearrenfean. "De dokter belde me op om te vertellen dat iemand corona had", fertelt Jansen. "We hebben het op de club besproken en gekeken wie erbij betrokken zijn." Njonken in coronabesmetting ûntbrutsen ek twa spilers dy't yn thúsisolaasje moatte. Dêrom reizgen Batista Meier, Joaquín Fernández en Ulysses Llanez snein net ôf nei Waalwijk.

Johnny Jansen oer de wedstriid

Erwin Mulder

(Advertinsje)
(Advertinsje)