25 coronagefallen by ynstelling foar ferstanlik beheinde folwoeksenen Appelskea

By soarchynstelling OlmenEs yn Appelskea binne dit wykein 25 coronabesmettingen fêststeld. OlmenEs is in mienskip foar folwoeksenen mei in ferstanlike beheining.
It terrein fan OlmenEs yn Appelskea © Google Street View
Freed binne alle 130 bewenners test. Dêrút binne oant no ta dus 25 besmettingen nei foaren kaam. Dat kin noch oprinne, want der moatte noch 27 testen ûndersocht wurde.

Oerlis mei gedrachssaakkundigen

OlmenEs hat earder al maatregels naam tsjin fierdere fersprieding en praat moandei fierder mei de GGD oer wat de ynstelling dwaan kin. Der is ek oerlis mei gedrachssaakkundigen, sadat OlmenEs besluten nimme kin dy't foar sa min mooglik belesting en risiko soargje by de bewenners.
De ynstelling hat snein besocht de situaasje foar de bewenners wat op te fleurjen mei in optreden fan doedelsekspilers. Dy ha op ferskate plakken op it terrein spile. Neffens OlmenEs befoel dat de bewenners goed.