Jopie Huisman Museum tenei alle dagen iepen

22 nov 2020 - 19:48

It Jopie Huisman Museum is mei yngong fan 2021 alle dagen iepen tusken 11.00 en 17.00 oere. Gewoanwei wie it museum yn Warkum in pear wiken yn it jier ticht, fan nei de krystfakânsje oant de maitiidsfakânsje.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek de ôfrûne wiken wie it museum ticht, mar dat wie fanwege de coronamaatregels. Yntusken is it museum wer iepen. It kafee mei lykwols net iepen, omdat dat hoareka is. Dêrom iepenet it museum dêr no in pop-uptentoanstelling fan Natasja Bennink. It Jopie Huisman Museum kaam op dat idee troch Han Steenbruggen fan Museum Belvédère op It Hearrenfean, dy't dêr itselde dogge.

It museum ferlinget de eksposysje WaterWereld ek in jier: oant jannewaris 2022. Dat jier wol de organisaasje it museum nij libben ynblaze en omtinken jaan oan it hûndertste bertejier fan Jopie Huisman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)