Untlading by selskrityske Antoinette de Jong: "Ik wit dat ik it yn my ha"

22 nov 2020 - 19:35

Foar de tredde kear yn har karriêre pakte Antoinette de Jong snein de nasjonale allroundtitel. Nei ôfrin wie der in soad ferromming, mar ek selskrityk. "Ik moat gewoan rêstich bliuwe", sei de Rottumse. "Mar ik bin sa 'gebrand' op in goede race. Dan is it nei de tiid bêst wol in ûntlading."

"Ik kin dit gewoan", tocht De Jong:

De Jong stie nei de earste dei fan it NK op it twadde plak, op in lytse achterstân op Jorien ter Mors. Mar de slotrit fan de 1.500 meter waard in proai foar De Jong. "Dy ôfstân is gewoan sa belangryk. Ik moast sa ticht mooglik by Ter Mors bliuwe, want sy iepenet rapper as my. Ik siet hiel ticht achter har, dat joech my in soad enerzjy. Ik wist: ik kin dit gewoan."

Spitich dat Ter Mors har ôfmelde

Uteinlik wûn De Jong de rit en de ôfstân sels. Ter Mors behold de lieding yn it klassemint, mar melde har ôf foar de 5 kilometer. "Dat is wol spitich", seit De Jong. "Sa koene we it toernoai net goed ôfmeitsje. Mar ik hoegde mar twa sekonden goed te meitsjen, dat wie my oars ek wol slagge."

It moat noch folle better. Ik wit dat ik it yn my ha.

Antoinette de Jong

Mei de nasjonale titel pleatst De Jong har ek foar it EK allround. "Dat jout gewoan rêst en sekerheid, dat ik no wit dat ik dy ride mei."

Al mei al wol se graach noch stappen meitsje. "It moat noch folle better", seit se selskritysk. "Ik wit dat ik it yn my ha. Dêrom moat ik rêstich bliuwe en it stap foar stap dwaan."

Net allinnich foar De Jong wie it toernoai slagge, ek foar Reina Anema. De reedrydster fan De Gordyk pakte foar it earst in medalje op in NK. Se wûn sels de 5 kilometer. "Ik bin hjir hiel bliid mei", sei se. "Ik hie nei de 500 meter net tocht dat in poadiumplak der noch yn sitte soe."

Anema wie hiel wiis mei har earste medalje:

Doe't Jorien ter Mors har ôfmelde kaam der fansels in plakje frij yn it klassemint, om't Ter Mors dit klassemint oanfierde. "Pas doe hie ik it idee dat it noch koe. Dan is der in plakje frij. It is spitich foar it toernoai, mar ik begryp har kar. Sy is noch gjin allroundrider, mar mear middellangebaan."

Talsma út de skroeven

Marwin Talsma ferliet Thialf mei applaus fan de trainers. "Ik ferwachtsje fansels gjin brûnzen medalje, mar it is wol super. Ik besjoch it fanút de lange ôfstannen. Ik moat op dit toernoai in ynhelslach meitsje."

Marwin Talsma wûn sels de tsien kilometer:

Dy ynhelslach makke Talsma, om't Jan Blokhuijsen diskwalifisearre waard en Talsma doe al tichtby kaam. "It is it moaist om elkenien starte te litten en in earlike kompetysje te hâlden. It helpt al, mar ik bin der net foar."

De taktyk op de tsien kilometer wie helder neffens Talsma: "Earst it tredde plakje feilich spylje en dan fierder sjen. Doe't ik dat hie, sette ik yn op de rapste tiid en doe ried ik de race tsjin Patrick Roest goed út." Talsma soarge der dêrmei foar dat Roest net alle fjouwer ôfstannen wûn. "Fjouwer kear winne is te folle."

(Advertinsje)
(Advertinsje)