SC Hearrenfean spilet mei tsien man teloarstellend lyk by RKC

22 nov 2020 - 18:42

Sportklup Hearrenfean hat snein tsjin RKC twa punten ferspile: yn Waalwijk waard it 1-1. De Friezen kamen yn de earste helte op foarsprong troch in knappe goal fan Henk Veerman, mar nei in reade kaart foar Sieben Dewaele flak foar it skoft wie it yn de twadde helte ienrjochtingsferkear. Tsien minuten foar tiid makke RKC de fertsjinne lykmakker.

Foto: www.orange-pictures.nl

Johnny Jansen moast it snein dwaan sûnder ûnder oare basisspiler Oliver Batista Meier. Fanwege in coronagefal en karantêneregels wiene hy, Joaquín Fernández en Ulysses Llanez der net by. Yn stee fan Batista Meier stie no Sieben Dewaele oan de ôftraap.

Nei tsien minuten wie de earste kâns fan de wedstriid foar de Feansters, mar de ynset fan Henk Veerman waard keard troch keeper Kostas Lamprou. Efkes letter wie it lykwols al raak. Henk Veerman krige in lange bal fan Jan Paul van Hecke en hy lei de bal goed foar syn linker. Dêrmei makke de Volendammer syn achtste goal fan dit seizoen: 0-1.

Kantelpunt yn de wedstriid

Letter yn de earste helte krigen Benjamin Nygren en Mitchell van Bergen noch kânsen op de 0-2, mar der soe foar it skoft gjin doelpunt mear falle. Wol in reade kaart, foar Sieben Dewaele, dy't op it ankel fan Cyril Ngonge stie. Skiedsrjochter Christiaan Bax stjoerde de middenfjilder fan de Feansters mei read nei de klaaikeamer.

Al nei twa minuten kaam Hearrenfean mei tsien man goed fuort, doe't Richard van der Venne op it doel fan Hearrenfean kopte, mar Erwin Mulder koe de bal út de goal hâlde. Dat die er efkes letter wer, mar dizze kear die er dat minder bewust: Van der Venne skeat de bal rjocht op de noas fan Mulder.

Ynfaller makket lyk

In lytse tsien minuten foar tiid makke RKC dochs de fertsjinne lykmakker. Nei in oerstapke fan Melle Meulensteen kaam de bal yn it strafskopgebiet by Vitalie Damascan, dy't fiif minuten earder ynfallen wie. Hy naam de bal oan en skeat 'm hurd yn it dak fan de goal.

Pas nei de 1-1 krige Hearrenfean wer wat kânskes, mar djip yn blessueretiid wie Meulensteen foar de thúsploech noch it tichtst by de winnende goal. Hy kopte foardel.

RKC Waalwijk - SC Hearrenfean 1-1 (0-1) 19. Henk Veerman 0-1, 83. Vitalie Damascan 1-1

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenburg; Kongolo, Dewaele, Joey Veerman; Nygren (46/Dresevic), Henk Veerman, Van Bergen

(Advertinsje)
(Advertinsje)