Marwin Talsma wint slotôfstân en pakt brûns op NK allround

22 nov 2020 - 17:43

Marwin Talsma fan Grou hat sneintemiddei op it NK allround in brûnzen medalje wûn. De 22-jierrige reedryder moast op de 10.000 meter goed njoggen sekonden goedmeitsje op Koen Verweij. Dat wie in kâld keunstke foar Talsma, want hy wie mar leafst 37 sekonden flugger. De titel gie nei Patrick Roest, dy't yn Thialf op It Hearrenfean trije ôfstannen wûn. It sulver wie foar Marcel Bosker.

Marwin Talsma nei syn brûnzen medalje:

Talsma begûn as nûmer fjouwer fan it klassemint oan de 10.000 meter en ried yn de lêste rit tsjin de regearjend wrâldkampioen allround, Roest. Hy wist doe al dat Verweij in tiid fan 13.38,68 delset hie en hy koe dus útrekkenje wat er sels ride moast.

Spannende tsien kilometer

De Grouster bleau oant it lêste rûntsje fan de wedstriid hieltyd krekt foar Roest, mar syn tsjinstanner hie syn sinnen set op fjouwer ôfstânsoerwinningen en kaam noch mei in einsprint. Dat wie lykwols krekt te let, want Talsma koe him ien tsiende fan in sekonde foarbliuwe.

Talsma sette úteinlik in tiid fan 13.01,43 del, wylst Roest nei 13.01,54 oer de streek kaam. It brûns op de tsien kilometer gie nei Marcel Bosker mei 13.06,88.

Marwin Talsma - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch de oerwinning fan Talsma op de 10.000 meter bliuwt Sven Kramer de lêste dy't op in NK allround alle fjouwer de ôfstannen wûn. De Fryske reedrider die dat tusken de krystdagen en âldjier yn 2007.

Bart de Vries fan It Hearrenfean einige as achtste yn it klassemint. Hy stie nei de 1.500 meter noch op it sechtjinde plak, mar fanwegen syn goede 5.000 meter op sneon mocht hy dochs starte op de slotôfstân.

Einklassemint

1. Patrick Roest 148.304
2. Marcel Bosker 150.851
3. Marwin Talsma 149.595
8. Bart de Vries 155.350
(Advertinsje)
(Advertinsje)