Antoinette de Jong prolongearret titel op NK allround

22 nov 2020 - 16:05

Antoinette de Jong fan Rottum is sneintemiddei foar de tredde kear yn har karriêre Nederlânsk kampioene allround wurden. Yn Thialf op It Hearrenfean moast De Jong op de 5.000 meter in foarsprong fan 5,08 sekonden op Melissa Wijfje ferdigenje. Dat slagge, want De Jong wie op de slotôfstân goed trije sekonden rapper as Wijfje, dy't wol it sulver pakte. It brûns wie foar Reina Anema fan De Gordyk, dy't de slotôfstân wûn.

Antoinette de Jong oer har tredde allroundtitel:

De Jong krige de titel nei de 1.500 meter yn 'e skoat wurpen, doe't Jorien ter Mors ôfsei foar de 5.000 meter. Ter Mors stie op dat stuit earste yn it klassemint, mei in foarsprong fan 2,86 sekonden.

Duel mei Wijfje

Yn in streekrjocht duel tusken De Jong en Wijfje waard útmakke wa't nasjonaal kampioene allround wurde soe. De Jong hie dêryn in foarsprong fan goed fiif sekonden en dy kaam nea yn gefaar. Nei 3.800 meter hie De Jong al in foarsprong fan mear as in sekonde en dat rûn yn de lêste trije ronden úteinlik op ta 3,28 sekonden.

Foto: www.orange-pictures.nl

Mei de nasjonale titel pleatst De Jong har ek foar it Europeesk kampioenskip allround.

Earste NK-medalje foar Anema

Anema stie foarôfgeand oan de 5.000 meter noch op it fiifde plak yn it klassemint, mar mei in goede tiid op de slotôfstân (7.03,35) gie se Aveline Hijlkema en Esther Kiel noch foarby yn it klassemint. It is foar it earst yn de karriêre fan Anema dat se in medalje pakt op in Nederlânsk kampioenskip.

Reina Anema nei har earste medalje op it NK:

Einklassemint

1. Antoinette de Jong 161.082
2. Melissa Wijfje 161.918
3. Reina Anema 163.420
(Advertinsje)
(Advertinsje)