Grouster Talsma op fjirde plak nei 1.500 meter

22 nov 2020 - 15:21

Marwin Talsma fan Grou stiet nei de 1.500 meter op it NK allround op it fjirde plak yn it klassemint. De 22-jierrige reedrider ried yn Thialf op It Hearrenfean mei 1.48,53 de fiifde tiid. De oerwinning op de 1.500 meter gie, krekt as de 500 en 5.000 meter op sneon, nei Patrick Roest (1.45,68).

Marwin Talsma - Foto: www.orange-pictures.nl

It twadde plak op de 1.500 meter wie mei 1.46,47 foar Marcel Bosker en it brûns gie nei Koen Verweij mei 1.47,39. Beide manlju rinne dêrmei út op Talsma. In oare konkurrint fan Talsma yn it klassemint, Jan Blokhuijsen, waard diskwalifisearre fanwegen it oantikken fan in blokje. Dêrtroch gie Talsma fan it fiifde nei it fjirde plak yn it klassemint.

Bart de Vries fan It Hearrenfean ried op syn 35e noch mar ris in persoanlik rekôr. Hy kaam nei 1.50,93 oer de streek en sette dêrmei de 14e tiid del. Ek Tjerk de Boer fan Weidum (11e), Bob de Vries fan Haule (17e) en Ids Bouma fan Aldehaske (19e) koene op de 1.500 meter net meidwaan om de prizen.

Utslach 1.500 meter

1. Patrick Roest 1.45,68
2. Marcel Bosker 1.46,47
3. Koen Verweij 1.47,39
5. Marwin Talsma 1.48,53
11. Tjerk de Boer 1.50,19
14. Bart de Vries 1.50,93 (PR)
17. Bob de Vries 1.52,40
19. Ids Bouma 1.53,05

Talsma hat noch sicht op it earemetaal, mar moat dêrfoar wol in bettere 10.000 meter ride as Verweij. It gat tusken beide manlju is 9,06 sekonden. It earste en twadde plak binne, gewoanwei, net mear berikber foar de Grouster.

Foar De Boer (12e), Bob de Vries (17e) en Bouma (18e) sit it toernoai der nei de tredde ôfstân op. Allinnich de bêsten fan it klassemint mei starte op de slotôfstân. Bart de Vries (16e) mei noch wol meidwaan oan de slotôfstân, omdat er in goede 5 kilometer riden hat.

Klassemint nei 1.500 meter

Puntetotaal Efsterstân op 10.000 meter
1. Patrick Roest 109.227
2. Marcel Bosker 110.251 +20,48
3. Koen Verweij 111.327 +42,00
4. Marwin Talsma 111.780 +51,06
12. Tjerk de Boer 113.607 +1.27,60 (mei net starte op 10.000 meter)
16. Bart de Vries 115.050 +1.56,46
17. Bob de Vries 115.751 +2.10,48 (mei net starte op 10.000 meter)
18. Ids Bouma 116.209 +2.19,64 (mei net starte op 10.000 meter)
(Advertinsje)
(Advertinsje)