Antoinette de Jong liedt allroundklassemint nei ôfsizzing Ter Mors

22 nov 2020 - 14:47

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneintemiddei de 1.500 meter op it NK allround wûn. De Friezinne wie yn Thialf op It Hearrenfean mei 1.55,61 yn in streekrjocht duel krekt wat rapper as Jorien ter Mors (1.55,63). De Jong giet ek oan kop yn it klassemint. Ter Mors stie earste, mar hat har ôfmeld foar de lêste ôfstân.

Foto: www.orange-pictures.nl

Reina Anema fan De Gordyk sil dy slotôfstan wol ride, wêr't de bêste acht froulju oan meidwaan meie. Sy einige op de 1.500 meter as fjirde yn in tiid fan 1.57,49 en dêrmei stiet se op dit stuit op it sechsde plak yn it klassemint.

Marijke Groenewoud rint dy 5.000 meter mis. De 21-jierrige reedrydster ried nei in te flugge start teloarstellend nei it trettjinde plak (2.00,32). Dêrmei kaam se op it soere njoggende plak telâne. Nettsjinsteande de ôfsizzing fan Ter Mors mei Groenewoud net starte op de 5.000 meter. Esmee Visser, dy't sechtjinde stiet yn it klassemint, wie fanwegen har goede 3.000 meter op sneontemiddei nammentlik al wis fan in startplak.

Debutante Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge spile mei 2.01,59 en it fyftjinde plak in byrol op de 1.500 meter.

Utslach 1.500 meter

1. Antoinette de Jong 1.55,61
2. Jorien ter Mors 1.55,63
3. Melissa Wijfje 1.56,30
4. Reina Anema 1.57,49
13. Marijke Groenewoud 2.00,32
15. Myrthe de Boer 2.01,59

De Jong moat letter op sneintemiddei op de slotôfstân in foarsprong fan 5,08 sekonden op Melissa Wijfje ferdigenje. Beide froulju starte yn de lêste rit fan de 5.000 meter.

Ek foar Anema liket earemetaal noch mooglik. De reedrydster fan Team Frysk hat in gat fan likernôch 3,5 sekonden te oerbrêgjen.

Klassemint nei 1.500 meter

Puntetotaal Efterstân op 5.000 meter
1. Antoinette de Jong 118.424
2. Melissa Wijfje 118.932 +5,08
3. Esther Kiel 120.829 +24,05
5. Reina Anema 121.086 +26,62
8. Marijke Groenewoud 121.326 +29,02 (mei net starte op 5.000 meter)
18. Myrthe de Boer 125.853 +1.142,9 (mei net starte op 5.000 meter)
(Advertinsje)
(Advertinsje)