RIVM: 90 nije coronabesmettingen; gjin stjergefallen

22 nov 2020 - 14:23

Der binne de ôfrûne 24 oeren 90 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 13 minder as sneon, doe wiene it der 103.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel wer fêststeld yn Súdwest-Fryslân (22). Dêrnei komt Ljouwert (20).

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel nul nije stjergefallen meld en gjin nije sikehûsopnamen.

Lanlik binne 5.407 nije besmettingen fêststeld. Dat is 669 minder as sneon.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)