PODCAST: De striid fan Elly tsjin alfleisklierkanker
Elly Breeuwsma út Ljouwert hat al trije jier alfleisklierkanker. Sy is ûnder behanneling by Casper van Eijck fan it Erasmus-sikehûs yn Rotterdam. Ferslachjouwer Geartsje de Vries is al tritich jier befreone mei Elly. Se makke in podcast mei Elly Breeuwsma, har neef de âld-follyballer Jan Posthuma en professor Casper van Eijck. It is in hiel persoanlik dokumint wurden.