Bestjoerder ûnder ynfloed botst op auto op A7 by Fryske Peallen

In man dy't ûnder ynfloed fan drugs wie, hat sneintemoarn in ûngelok feroarsake op de A7 tusken Fryske Peallen en Marum yn Grinslân. Hy botste op in auto dy't foar him ried. De bestjoerder fan dy auto rekke net ferwûne en ek de feroarsaker sels hoegde net nei it sikehûs.
© De Vries Media
De man is troch de plysje test op alkohol en drugs. Omdat er op de drugs posityf teste, is er meinommen nei it buro dêr't noch in bloedproef ôfnommen wurdt.