Organisaasje Kuieralvestêdetocht ynventarisearret animo foar tocht

22 nov 2020 - 11:33

De organisaasje fan de Kuieralvestêdetocht wol earst ynventarisearje hoefolle minsken meidwaan sille, foar't se úteinsette mei de organisaasje fan de tocht fan 2021. Dat skriuwt de organisaasje yn de nijsbrief.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Troch de coronamaatregels kinne se gjin arranzjemint mei sliepen derby oanbiede en it is ûnwis hoe grut oft de animo wêze sil.

It ynskriuwen op de ynventarisaasje is frijbliuwend, mar it definitive ynskriuwen is dat net. As de tocht dochs net trochgean kin, sil it ynskriuwjild nei alle gedachten net werombetelle wurde. Fierder skriuwt de organisaasje dat der in plan is om as in soarte fan generale repetysje fan 't maitiid in kuiertocht fan ien dei út te skriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)