PODCAST Boekekast #3: 'It moaiste', in ferhaal fan Piter Boersma

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de tredde ôflevering is it ferhaal 'It moaiste' fan Piter Boersma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.
Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit.
Ut it ferhaal 'It moaiste' fan Piter Boersma.
© Omrop Fryslân

Piter Boersma

Piter Boersma (1947) is skriuwer, útjouwer en haadredakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. "Ik skriuw net faak yn opdracht of op fersyk, mar foar dizze podcast woe ik wol in ferhaal skriuwe, ek om't ik fuort al in idee yn de holle hie." It ferhaal giet oer in blanke pake en in donkere pakesizzer. Der sit in soad fan himsels yn, syn soan hat twa donkere jonkjes mei in Surinaamske frou. "Wurdst konfrontearre mei it tema wyt/swart en diskriminaasje. Dy bern sille dêr hoe dan ek mei te krijen hawwe, dêr ha ik wol noed oer. As it tichteby jo stiet, rekket it jo emosjoneel."
Boersma wennet bûten de provinsje, mar is noch altyd mei Fryske literatuer dwaande. "Ik ha hielendal gjin oanstriid om yn it Nederlânsk te skriuwen, it Frysk leit my folle better en stiet tichter by my." Hy is dwaande mei in mânske roman. "It giet oer it doarp dêr't ik weikom, Warten, al wurdt de namme net neamd, ik beskriuw de wrâld fan myn jeugd. It giet oer in hellingman dy't begjint te skilderjen."
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân,City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.