KNVB Beker: Cambuur spilet thús tsjin Go Ahead Eagles en Hearrenfean hat frij

21 nov 2020 - 22:50

Sportklup Cambuur spilet yn de folgjende ronde fan de KNVB-beker, thús tsjin Go Ahead Eagles. Sportklup Hearrenfean hat dizze ronde frij.

Foto: ANP

Yn totaal sitte der no noch 23 teams yn de bekerkompetysje, earder binne de amateursklups, wêrûnder De Harkemase Boys út it toernoai helle. Njoggen fan de 23 teams binne sneon 'frijlotte', sy hoege net yn aksje te kommen dizze ronde. Hjirtroch binne der yn totaal sân wedstriden.

De KNVB docht dit sadat der by de folgjende ronde sechtjin klups oer binne, en it skema dêrmei wer rûn is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)