Femke Kok brekt eigen rekôr op 500 meter

21 nov 2020 - 22:23

Reedrydster Femke Kok hat sneontejûn op Thialf har rapste 500 meter ea riden, mei 37.47. Se sette de tiid del yn in training.

Foto: Orange Pictures

It âlde Nederlânske Thialf rekôr is noch mar krekt wat mear as in moanne âld: 37.55, en ek dizze tiid stie op namme fan Kok. De Friezinne lit hjirmei sjen dat se op dit stuit yn topfoarm is.

Trefwurden: 
reedriden Femke Kok
(Advertinsje)
(Advertinsje)