Auto bedarret yn foartún Sint-Anne

21 nov 2020 - 21:30

In opmerklik ûngelok sneontejûn yn Sint-Anne: in auto kaam dêr troch noch ûnbekende oarsaak yn in foartún fan in wenning telâne.

Foto: SRFotografie

De bestjoerder fan de auto hat mooglik de macht oer it stjoer ferlern, hat dêrby in lantearnepeal rekke, en is yn de foartún oan de Middelweg-West ta stilstân kaam. De brânwacht fan Sint-Anne waard oproppen om't it slachtoffer mooglik beknypt siet.

De brânwacht moast in part fan de auto losknippe om de bestjoerder derút te heljen. It is net bekend oft de bestjoerder ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
ûngelok Sint-Anne
(Advertinsje)
(Advertinsje)