Twa ferwûnen by scooterûngelok by Rotsterhaule

21 nov 2020 - 19:58

Twa minsken binne sneontejûn by in scooterûngelok ferwûne rekke. De slachtoffers kwamen yn botsing mei in auto by Rotsterhaule.

Foto: De Vries Media

De twa slachtoffers sieten beide op de scooter, doe't se troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing kamen mei in auto. De slachtoffers binne mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't it mei de automobilist is.

De auto en de scooter binne slim skansearre rekke by it ûngelok.

Trefwurden: 
plysje ûngelok Rotsterhaule
(Advertinsje)
(Advertinsje)