Hearrenfean-spiler test posityf op corona, twa oaren yn thúsisolaasje

By sportklup Hearrenfean is sneon in spiler posityf test op it coronafirus, dat hat de klup bekend makke. Twa oare spilers moatte yn thúsisolaasje.
© sc Hearrenfean
Fanwegen de privacy makket de klup net bekend hokker spiler posityf test hat. Hearrenfean wie foar sneon de ienige earedifyzjeklup dêr't noch gjin coronabesmettings fêststeld wiene.
Hearrenfean spilet sneintemiddei tsjin RKC Waalwijk. Omdat Hearrenfean noch genôch spilers beskikber hat sil dy wedstriid gewoan trochgean.

Eardere positive test

Yn oktober waard ek al in coronabesmetting fêststeld by Hearrenfean, mar doe die bliken dat in flater makke wie by it laboratoarium.