Amateurklups yn petear mei KNVB oer herstart kompetysje

21 nov 2020 - 16:10

De KNVB hat petearen hân mei de amateurklups yn de tredde difyzje oer in mooglike herstart fan de kompetysje. It giet om in fideopetear, wêrby't trije senario's presintearre binne. De klups moatte takom wike woansdei in beslút nimme oer de mooglikheden.

Henny Bouius en Kian Visser fan Harkemase Boys - Foto: orange-pictures.nl

De trije senario's sa't dy no by de klups lizze binne as folget:

  • De kompetysje útspylje sûnder promoasje- en degradaasjewedstriden. Dit senario soe betsjutte dat de klups in soad wedstriden op wurkdagen spylje moatte soene, en mooglik ek op feestdagen. De ein fan de kompetysje is dan yn juny.
  • De twadde helte fan de kompetysje spylje, mei oan de ein promoasje- en degradaasjewedstriden. Dit soe betsjutte dat de teams mar ien kear tsjininoar spylje.
  • De tredde difyzje yn twaen diele, yn twa kear njoggen teams. Dan binne der acht út- en acht thúswedstriden. Foardiel is hjirby dat de reisôfstân lyts bliuwt. Oan de ein fan de kompetysje komme der dan promoasje- en degradaasjewedstriden tusken beide poules.

Sippe Heeringa, foarsitter Harkemase Boys hat fuortendaliks wol in foarkar, en dat is sawier net opsje ien: "Ik tink dat opsje ien hiel swier wurdt, en dan moatte je wol hiel moai waar hawwe en gjin tredde weach." Wedstriden op wurkdagen soe dêrnjonken in grutte belêsting wêze op de spilers. By de twadde opsje makket it neffens Heeringa in soad út hoe't der lotte wurdt: "Wa trefst út en wa thús?" De tredde difyzje hat klups yn ûnder oare Seelân, en as je ferkeard lotsje soe it samar ris sa wêze kinne dat je dizze wedstriden út spylje moatte."

'Toetje'

De foarkar fan Heeringa leit foar no dan ek by opsje trije: "It klinkt hiel wurkber, net allinnich foar de reisôfstannen, mar ek foar de kosten en de mooglike coronabesmettingen." De opsjes binne oerlein mei ûnder oaren spilers en sponsoaren. De klups hawwe no oant woansdei om in foarkar oan te jaan.

Heeringa hopet benammen dat der noch in oplossing komt: "Ast op dizze wize noch in leuke kompetysje makkest, mei degradaasje en promoasje, wat foar my echt in fijn toetje is, dan is dat moai."

Trefwurden: 
KNVB fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)