Froulju SC Hearrenfean sette troch yn coronatiid

Kompetysje spylje yn coronatiid betsjut in soad ekstra wurk foar it frouljusteam fan SC Hearrenfean. Protokollen skriuwe foar wat der allegear barre moat foardat der in wedstryd spile wurde kin: mei in kreatyf bestjoer, in feilichheidskoördinator en stipe fan in soad frijwilligers kinne de Feansters de thúswedstriden feilich spylje op Sportpark UDIROS yn Nijhoarne.
Froulju SC Hearrenfean sette troch yn coronatiid
Jessica Roosenburg is foarsitter fan de froulju fan SC Hearrenfean. Sy tinkt dizze drege tiid troch komme te kinnen mei stipe fan in soad entûsjaste frijwilligers en mei kreative aksjes fan it bestjoer.
Jessica Roosenburg, foarsitter SC Hearrenfean froulju