Omrop TIP: Johan Cruijff, it masterstik fan Hans Jouta

21 nov 2020 - 15:30

"Eins hat alles fan myn kleuterskoalletiid ôf yn it teken stien fan it ynheljen fan dizze opdracht. Dat klinkt wat arrogant, mar sa kinst it wol sizze". In Fryslân DOK oer de brûnzen Johan Cruijff fan keunstner Hans Jouta.

Ein 2018 krijt keunstner Hans Jouta út Ferwert de opdracht om in stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen. Earder makke er al brûnzen bylden fan skriuwster Nynke fan Hichtum ('Afkes Tiental'), keatsfenomeen Hotze Schuil en Bob Haarms, assistint-trainer by Ajax.

Hans Jouta (l) each yn each mei de brûnzen Johan Cruijff - Foto: Omrop Fryslân

Dizze kear moat Hans it sûnder syn heit Sytse dwaan. Heit hat him alles leard. Dat it libben boartsjen is, in spul dat jo sa goed mooglik en mei in soad wille spylje moatte. Mar heit is demintearjend en de opdracht falt Hans swier. Fan boartsjen komt net folle telâne.

Heit Sytse Jouta mei syn soantsjes - Foto: Omrop Fryslân

De druk fan wat syn grutte masterstik wurde moat, hâldt him nachten út de sliep. En as de twivel oer syn eigen kinnen him yn in fêste greep kriget, wurdt de lêst hast ûndraachlik.

It jitten fan it brûns - Foto: Omrop Fryslân

Yn de Fryslân DOK 'It Masterstik' folget dokumintêremakker Albert Jensma de keunstner oardel jier lang by it meitsjen fan it byld, oant en mei de ûntbleating foar de Johan Cruijff Arena. De foto fan de famylje foar it byld stiet foar it dielen fan leaf, leed en grutte emoasjes om dit wurk meitsje te kinnen.

Famylje Jouta foar it stânbyld - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK 'It Masterstik'
Sneon 21 novimber NPO2 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 22 novimber 13.10 oere)
Snein 22 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)