Skoalplateferkeap yn Deinum stillein fanwege grutte drokte

De ferkeap fan hast 700 skoalplaten en lânkaarten yn Deinum is sneontemiddei stillein fanwegen te grutte drokte. De ferkeap is organisearre troch Piet Heeringa fan Deinum, hy hie dûbelingen yn syn kolleksje fan 4.000 stiks. Sûnt de oankundiging fan de ferkeap wiene der al lûden dat it wolris hiel drok wurde koe.
Skoalplateferkeap yn Deinum stillein fanwege grutte drokte
Om alve oere moarns giene de doarren iepen, en doe wie it fuortendaliks al smoardrok. Sa wie der hast gjin parkearromte mear te finen yn Deinum. Om healwei ienen is besletten om de doarren wer ticht te dwaan. Neffens Heeringa waard it beslút net naam om't de coronamaatregels net opfolge waarden, mar wie it yn it doarp gewoan te drok. Dit hie as gefolch dat helptsjinsten Deinum by need net iens yn komme kinne soene.
Besikers út Dútslân en Limboarch dy't hielendal nei Deinum tariden wiene foar de skoalplaten, mochten noch wol nei binnen ta. Oaren, út de direkte omjouwing, waard frege om op in letter momint werom te kommen.
Eigener Piet Heeringa fan it skoalplatemuseum brûkt de coronatiid om syn kolleksje op oarder te bringen. Der kamen in soad dûbelde platen foar it ljocht en dy soe er sneon ferkeapje.