Marwin Talsma hat nei persoanlik rekôr op 5.000 meter sicht op NK-poadium

21 nov 2020 - 18:09

Marwin Talsma fan Grou stiet nei de earste dei op it NK allround op it fiifde plak yn it klassemint. De 22-jierrige reedrider stie nei de 500 meter noch op it trettjinde plak, mar troch in sterke 5.000 koe hy flink klimme yn it klassemint. Patrick Roest giet nei de earste dei oan de lieding. Hy wie de fluchste op sawol de 500 as de 5.000 meter.

Marwin Talsma - Foto: www.orange-pictures.nl

Talsma sette yn de sande rit fan de 5.000 meter mei 6.16,04 in persoanlik rekôr en de fluchste tiid del. Marcel Bosker, Bart de Vries en Chris Huizinga koene gjin oanfal dwaan op syn tiid. Allinnich regearjend wrâldkampioen allround Patrick Roest wie yn de lêste rit úteinlik 0,73 sekonden flugger.

Bart de Vries fan It Hearrenfean einige op it sande plak mei 6.24,04, wylst Bob de Vries fan De Haule nei it njoggende plak ried mei 6.27,25. Debutant Ids Bouma fan Aldehaske, dy't meidwaan mocht fanwegen de ôfsizzing fan Sven Kramer, einige mei in persoanlik rekôr as fyftjinde. Tjerk de Boer út Weidum fine we op de 5.000 meter mei 6.43,17 werom op it njoggentjinde plak.

Utslach 5.000 meter

1. Patrick Roest 6.15,31
2. Marwin Talsma 6.16,04
3. Marcel Bosker 6.17,41
7. Bart de Vries 6.24,04
9. Bob de Vries 6.27,25
15. Ids Bouma 6.35,26
19. Tjerk de Boer 6.43,17

Op de 500 meter die De Boer it folle better. Hy sprinte dêr mei 36.56 nei it twadde plak. Dat wie 0,09 sekonden stadiger as Roest, dy't dy ôfstân wûn.

Marwin Talsma ried mei in persoanlik rekôr fan 38.00 nei it trettjinde plak. Ek Bob en Bart de Vries rieden in persoanlik rekôr. Bob kaam ta in tiid fan 39.56 (18e) en Bart ried nei 39.67 (19e). Bouma einige dêr mei 39.00 wer krekt foar op it santjinde plak, en ek dat wie in ferbettering fan syn persoanlik rekôr.

Tjerk de Boer - Foto: www.orange-pictures.nl

Utslach 500 meter

1. Patrick Roest 36.47
2. Tjerk de Boer 36.56
3. Koen Verweij 36.59
13. Marwin Talsma 38.00 (PR)
17. Ids Bouma 39.00 (PR)
18. Bob de Vries 39.56 (PR)
19. Bart de Vries 39.67 (PR)

Roest oan de lieding

Nei de earste twa ôfstannen giet favoryt Roest mei twa oerwinningen dus oan de lieding. Talsma is de iennige Fries dy't noch sicht hat op earemetaal. De Grouster hat op de 1.500 meter in gat fan 1,36 sekonden goed te meitsjen nei it poadium.

Snein stiet neist de 1.500 meter ek noch de 10.000 meter op it programma. Allinnich de top acht fan it klassemint mei starte op dy slotôfstân. De Boer, Bart de Vries, Bob de Vries en Bouma sille dy ôfstân nei alle gedachten dus net rêde.

Klassemint nei de earste dei

Puntetotaal Efterstân op 1.500 meter
1. Patrick Roest 74.001
2. Marcel Bosker 74.761 +2,28
3. Jan Blokhuijsen 75.149 +3,45
5. Marwin Talsma 75.604 +4,81
13. Tjerk de Boer 76.877 +8,63
17. Bart de Vries 78.074 +12,22
18. Bob de Vries 78.285 +12,86
19. Ids Bouma 78.526 +13,58
(Advertinsje)
(Advertinsje)