RIVM: 103 nije coronabesmettingen, 2 stjergefallen

21 nov 2020 - 14:30

Der binne de ôfrûne 24 oeren 103 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 14 mear as freed, doe wiene it der 89.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel wer fêststeld yn Súdwest-Fryslân (25). Dêrnei komme Ljouwert (17) en Waadhoeke (12).

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa nije stjergefallen meld en ien sikehûsopname.

Lanlik binne der 6093 nije besmettingen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)