Favorite Antoinette de Jong op twadde plak nei earste dei NK allround

21 nov 2020 - 16:06

Antoinette de Jong fan Rottum stiet nei de earste dei op it NK allround yn Thialf op It Hearrenfean op it twadde plak. De titelferdigener einige op de 500 meter op it twadde plak en waard ek twadde op de 3.000 meter. De Jong hat sneintemiddei op de 1.500 meter in gat fan 0,88 sekonden te oerbrêgjen ta klassemintslieder Jorien ter Mors.

Antoinette de Jong op de 500 meter - Foto: www.orange-pictures.nl

Op de 3.000 meter ried De Jong yn in streekrjocht duel tsjin Reina Anema fan De Gordyk. Nei in spannende striid luts De Jong mei 4.04,19 úteinlik oan it langste ein. Anema kaam nei 4.04,64 oer de streek. Beide froulju wiene dêrmei stadiger as Melissa Wijfje dy't de ôfstân wûn mei 4.03,10.

Marijke Groenewoud fan Hallum ried op de 3.000 meter in persoanlik rekôr mei 4.11,58 en einge dêrmei as 9e. Debutante Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge, dy't pas sneontemoarn hearde dat se meiride mocht fanwegen de ôfsizzing fan Carlijn Achtereekte, waard 19e yn 4.29,84.

Utslach 3.000 meter

1. Melissa Wijfje 4.03,10
2. Antoinette de Jong 4.04,19
3. Reina Anema 4,04,64
9. Marijke Groenewoud 4.11,58 (PR)
19. Myrthe de Boer 4.29,84

500 meter

Earder op de sneon rieden de froulju de koartste ôfstân fan it allround-toernoai: de 500 meter. De Jong kaam op de dêrop ta in tiid fan 39.19. Dêrmei joech se 0.86 sekonden ta op Jorien ter Mors, dy't earste waard yn in nij kampioenskipsrekôr fan 38.32. Marijke Groenewoud fan Hallum waard tredde mei 39.29.

Anema hie in minder begjin fan it toernoai. De skoaljuf kaam ta 41.15 en dat wie de fyftjinde tiid. De Boer ried mei 40.35 nei it alfde plak op de sprintôfstân.

Utslach 500 meter

1. Jorien ter Mors 38.32
2. Antoinette de Jong 39.19
3. Marijke Groenewoud 39.28
11. Myrthe de Boer 40.35
15. Reina Anema 41.15

Ter Mors oan de lieding

Nei de earste dei giet Ter Mors, dy't tsjintwurdich yn Aldeberkeap wennet, oan de lieding. De Nederlânsk kampioen fan 2013 hat snein in foarsprong fan 0,88 sekonden op de 1.500 meter op De Jong. Groenewoud stiet knap op it fiifde plak yn it klassemint. It gat mei it poadium is mei 3,16 sekonden op de 1.500 meter lykwols grut.

Anema stiet nei de earste dei op it njoggende plak, wylst De Boer it njoggentjinde plak beset.

Klassemint nei earste dei

Klassemint Efterstân op 1.500 meter
1. Jorien ter Mors 79.595
2. Antoinette de Jong 79.888 +0,88
3. Melissa Wijfje 80.166 +1,72
5. Marijke Groenewoud 81.220 +4,88
9. Reina Anema 81.923 +6,99
19. Myrthe de Boer 85.323 +17,19
(Advertinsje)
(Advertinsje)