Mick Jagger dielt konsert fan Fryske beierdier dy't Stones spilet op Grinzer kariljon

21 nov 2020 - 13:55

Nei it spyljen fan inkelde Stones-klassikers op it kariljon fan de Martinitoren yn Grins, krige Auke de Boer in hiel soad reaksjes. Fral nei't frontman Mick Jagger it earbetoan dielde op Instagram. Hy hat twa miljoen folgers.

De Fryske beierdier spile freed in medley fan bekende nûmers fan The Rolling Stones. Dat die er fanwegen de tentoanstelling Unzipped oer de band yn it Groninger Museum.

De Boer is wiis mei alle omtinken dy't hy krijt. "De reaksjes komme oeral út de wrâld wei. Minsken sizze: wat prachtich dat soks mooglik is as op sa'n typysk Hollânsk ynstrumint."

Dêrfoar moast er Stones-klassikers as Paint it Black, She's a Rainbow, Lady Jane en Ruby Tuesday 'fertale' nei it kariljon út 1660. "De stemming is hiel oars en it binne klokken", seit de beierdier. "De swierste klok fan de Martinitoer is 8000 kilo. It is heavy-metal, mar dan op swiere klokken."

By it konsert fan The Rolling Stones yn 1999 hat er it ek dien. "Blykber wisten se dat noch by it museum en bin ik wer frege", seit Auke de Boer. "Dat woe ik graach dwaan, it ynstrumint moat klinke yn de stêd as der wat gebeurt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)