Fûgelgryp soarget foar grutte skea by plomfeesektor: "Der is gjin klap oan"

21 nov 2020 - 12:52

By in pikebedriuw yn Wytmarsum wurde 90.000 bisten romme neidat der fûgelgryp fêststeld is. Bedriuwen yn de omjouwing ha te krijen mei ekstra maatregels en it firus docht de plomfeesektor dan ek in soad skea.

"Het gaat om een besmettelijke variant, die door vogels uit het oosten van Europa naar Nederland is meegebracht. Het zorgt voor veel ziekte en uitval in een stal en is heel besmettelijk, vandaar dat het bedrijf ook geruimd moet worden", sa seit Rudi Buis fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

By de bedriuwen yn de omjouwing sil ûndersyk dien wurde om te sjen oft it firus dêr ek is. "In een straal van drie kilometer rond dit bedrijf liggen nog drie pluimveebedrijven. Deze worden bemonsterd en bekeken of het virus ook in de stallen zit."

Ministearje ferwachtet mear útbraken

It ministearje ferwachtet dat der de kommende tiid faker útbraken wêze sille. "We hebben al een aantal vogelgriepgevallen gezien en het is nog relatief vroeg in het winterseizoen, veel trekvogels zijn nog niet in Nederland. Daarom is het van het grootste belang dat we de ophokplicht nog handhaven, dat we strenge hygiëneprotocollen hebben en snel ingrijpen om alles zoveel mogelijk te isoleren", seit Buis.

Rudi Buis

Dat der in útbraak komme soe op in pikebedriuw yn Fryslân, siet der oan te kommen, seit Piet Faber fan de fakgroep plomfee fan de LTO. "Wy sitte yn in perioade wêryn't wy al sjoen ha dat in soad fûgels yn de natuer deagean troch fûgelgryp. No wie it safier, wer in gefal. It waar wurket net mei, it is damp waar of der is storein. Ut ûndersyk docht bliken dat it firus yn wiete omstannichheden hiel maklik oerlibbet."

Grutte skea foar plomfeesektor

Foar bedriuwen yn de omjouwing jilde ekstra maatregels, sa is der in ferfiersferbod foar bisteprodukten foar bedriuwen dy't oant tsien kilometer fan it Wytmarsumer bedriuw lizze. Mar de skea is noch folle grutter.

"Foar hiel Nederlân jildt dat de eksport nei lannen bûten Europa stilleit, dat betsjut dat foaral de eksport fan goedkeapere produkten fan in hin, dy't wol de wearde bepale, hielendal stilleit, wêrtroch't der in enoarme druk op de prizen is", seit Faber.

De skea sil boppedat foar in grut diel betelle wurde troch de sektor sels. "De skeafergoeding foar belutsen bedriuwen wurde betelle fan it Diergezondheidsfonds. Foar de earste 40 miljoen stean wy as sektor sels oan de latte. Dus dat moatte wy as sektor ek noch betelje, wylst de opbringstprizen ûnder druk stean. Dus al mei al is der gjin klap oan."

Piet Faber

(Advertinsje)
(Advertinsje)