Sneu en tryst gesicht: twa poatsjes restearje noch fan stânbyld stabij yn Ljouwert

21 nov 2020 - 12:46

"It is in sneu en tryst gesicht", seit Tom Bouma oer it brûnzen stânbyld fan de stabij dat ferdwûn is út it Ljouwerter Rengerspark. By de yngong fan it park oan de Rengerslaan stie dit byld fan it Fryske hûneras. Op de sokkel binne inkeld noch twa poatsjes te sjen fan it byld. "It is hiel spitich dat minsken soks dogge." Neffens him ha de dieven it foarsjoen op it brûns. "Dat is fêst al smolten, it byld stiet grif net by ien yn de tún, dêr is it te opfallend foar."

It oare byld, dat fan de wetterhûn, stiet der noch. De Nederlandse Vereniging hat by it 40-jierrich bestean de twa bylden yn 1988 skonken oan de gemeente Ljouwert as earbetoan oan de Fryske hûnerassen.

It earelid fan de feriening fynt dat der in nij byld komme moat. "De stabij heart by Fryslân, krekt as Us mem en Us heit." Neffens him soe it better wêze as it byld op in plak mear yn it sicht komme soe.

De bylden kosten destiids 25.000 gûne, dat jild hat de feriening net te lizzen. Bouma fynt dat de gemeente en provinsje bydrage moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Tom Bouma

Trefwurden: 
Ljouwert byld stabijhûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)