Judoka Natascha Ausma al gau útskeakele op EK: "Ik makke in foutsje"

21 nov 2020 - 13:30

Judoka Natascha Ausma is op it Europeesk kampioenskip judo yn Tsjechië al nei de earste ronde útskeakele. De 24-jierrige judoka fan Lippenhuzen ferlear fan de Russyske Aleksandra Babintseva.

Ausma debutearre dit jier op it EK yn de kategory ûnder 78 kilo. Yn de earste ronde naam se it op tsjin Babintseva, dy't se yn oktober noch fersloech op de Grand Slam yn Hongarije.

Op it EK wie de Russyske lykwols sterker, wêrtroch't Ausma al nei ien ronde útskeakele is. "Ik makke in foutsje en no lis ik derút. Normaal kin ik goed nei achter, mar myn hannen sieten net goed, dus doe waard ik goaid."

Oft de winst foar Babintseva terjochte wie, wit Ausma noch net. "Ik tocht net dat it ippon wie, mar ik moat it noch weromsjen."

Hege ferwachtings

Ausma baalt fan it ferlies, omdat se mei hege ferwachtings nei Tsjechië gie. "Sowieso in medalje. Dat kinne je fansels maklik sizze, mar ik tink dat as ik de earste wûn hie dan de twadde ek."

Har debút op it Europeesk kampioenskip fielde net spesjaal, seit Ausma. "Ik hingje net folle oan it label EK, it is in wedstriid lyk as alle oaren. Mei sa'n lege tribune fielt it ek net echt hiel bysûnder."

Tsjakadoea ek útskeakele

De oare Fries op it toernoai, Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert, waard tongersdei ek yn de earste ronde al útskeakele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)