'Taaltreast': priiswinnend Frysk taalprojekt

It projekt 'Taaltreast' fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid is de grutte winner wurden fan it Europees Talenlabel 2020 fan it Nuffic. Ek de publykspriis gie nei it projekt fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden. De priis wurdt alle jierren útrikt foar in ynnovatyf, kreatyf en meartalich projekt mei in orizjinele oanpak.
Blommen foar Janke Singelsma dy't it projekt opset hat © eigen foto
Yn it sjueryrapport wurdt skreaun dat it in sympatyk projekt is dat hiel leechdrompelich is. "Lyts yn oanpak, grut yn berik en opbringst".
Janke Singelsma fan it lektoraat ûntwikkele it projekt oan de hân fan 'Taal yn byld' dat yn 2018 yn it ramt fan Kulturele Haadstêd opset wie. Doe't skoallen fan 't maitiid allinne mar online lesjaan koene, betocht sy in online ferzje. "It is eins hiel simpel: it bern freget oan heit, mem, pake of beppe om in moaie sin yn de memmetaal. In sin dy't treast jout. Dat kin in gedichtregel wêze, of in liettekst of wat ek mar. It bern skriuwt dy sin op, der komt in oersetting by en it bern makket der in poster fan."

Identiteit

Bern en âlden komme sa mei-inoar yn petear oer taal. En dat net allinne: ek de learkrêft komt yn oanrekking mei talen dy't oars net sa sichtber binne yn skoalle. "We kamen derachter dat der skoallen binne mei wol santjin ferskillende memmetalen. Der wiene learkrêften dy't dêr sels ek fersteld fan stiene en de bern hielendal. Dy wisten fan inoar net wat de memmetaal is, omdat der op skoalle altyd mar ien taal praat wurdt."
Neffens Singelsma is it hiel wichtich dat álle talen in plakje krije op skoalle, sadat bern fan jongs ôf oan leare dat alle talen wichtich binne en dat in memmetaal hiel bepalend is foar de identiteit fan in yndividu.
Taaltreast - priiswinnend projekt
Master Ewout, Rinke de Vries en Pier de Boer by de Taaltreastposter fan Pier © Omrop Fryslân
Basisskoalle De Opslach yn Wommels wie ien fan de earste skoallen dy't him oanmelde foar it Taaltreastprojekt. Neffens master Ewout van der Weide paste it projekt prachtich by de coronatiid: "It gie om treast yn in drege perioade, it gie om ferbining meitsje mei dyn âlden of pake en beppe en mei de oare bern en it wie hiel goed te dwaan yn coronatiid omdat alles online koe."
De Opslach keas derfoar om de poster dy't de bern makke hiene, grut út te printsjen en yn it doarp op te hingjen. "By it fersoargingstehûs en by de supermerk. In hiel soad minsken ha de poster sjoen en de teksten lêzen en wy ha der prachtige reaksjes op hân."

"Gesellich"

Learlingen Rinke de Vries en Pier de Boer sjogge werom op in moai projekt. "It wie hiel gesellich om te dwaan", seit Pier. "Wy diene wer ris wat mei ús fjouweren: heit, mem, myn sus en ik. En dat wie hartstikke leuk." Rinke tinkt dat foaral de minsken yn it fersoargingstehûs it moai fûn ha. "Dy minsken sieten yn karantêne en as se dan in poster sjogge mei in sinne derop tekene en in moaie tekst derby jout dat wol treast."
De posters mei teksten yn it Arabysk, Frysk, Nederlânsk, Koerdysk en Ingelsk hingje no op stekken en hokken by de skoalle. "Kear dyn antlit nei de sinne, dan falt it skaad altyd efter dy", "Where a will is, is a way" en "Denk niet wit, denk niet zwart maar in de kleur van je hart": it binne mar in pear foarbylden fan it projekt Taaltreast dat op Dde Opslach in grut sukses wie.