Nije tentoanstelling oer wetter; mei wurk fan Grinzer keunstners fan De Ploeg

Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits is in nije tentoanstelling iepene mei wurk fan Grinzer keunstners oer it tema it Fryske wetter. Achttjin leden fan de keunstnersferiening De Ploeg litte in grutte fariëteit sjen: fan abstrakt oant realistysk, fan houtskoal oant oaljeferve en fan skilderij oant byldhouwurk.
'Starterseiland' fan Johan Dijkstra (1923) © Fries Scheepvaart Museum
"Het idee ontstond twee jaar geleden toen De Ploeg 100 jaar bestond. We hebben toen een galeriemarathon gehouden met als doel om zoveel mogelijk leden te laten exposeren," fertelt Marjan Cornelius fan De Ploeg. Se is sân jier lid fan de feriening. Doe kaam ek it kontakt mei it Snitser museum. It program wie lykwols al fol, mar no wie der romte. "Het thema is water maar dat is ook breder opgevat, er is ook werk met daarop sluizen en een watermolen. Het is uiteenlopend, maar ook verbindend."

Wurk fan Johan Dijkstra

By de tentoanstelling is ek wurk te sjen út de kolleksje fan it museum, it wurk 'Starterseiland' fan Johan Dijkstra út 1923. Hy wie ien fan de oprjochters fan De Ploeg. "We binne bliid dat we dit skilderij yn ús kolleksje hawwe, want it is in wurk fan heech nivo en it jout in moai byld fan de wettersport by it Starteilân yn de jierren '20. Troch no de wurken fan de hjoeddeiske keunstners fan De Ploeg te eksposearjen, meitsje we in ferbining tusken it no en it ferline", seit direkteur Meindert Seffinga.
De eksposysje 'Groningers in Fryslân. Kunst van De Ploeg, gemaakt in 2020' is oant en mei 10 jannewaris te sjen yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.