Mear omtinken foar Fryske literatuer yn Op&Ut; Martsje de Jong besprekt nij wurk

21 nov 2020 - 11:35

Martsje de Jong is de nije 'boekefrou' by it radioprogramma Op&Ut. Se sil ien kear yn de moanne de Fryske literatuer besprekke.

Yn dizze útstjoering besprekt se 'Quist' fan Koos Tiemersma en 'Sjappy' fan Sipke de Schiffart:

Elke tredde sneon fan de moanne skoot se om 9.30 oere oan by Douwe Heeringa. De klam sil lizze op Frysk proaza, mar ek berneboeken komme oan bar en as der oar nijsgjirrich nijs te melden is op dat mêd.

Martsje de jong is redakteur en oersetter, lêsten ferskynde har oersetting fan Pippi Langkous, en sûnt koart is se ek kollumniste by de Leeuwarder Courant.

Ernst Bruinsma, dy't earder de boekbesprekken die yn it programma, sil him tenei talizze op de Nederlânske literatuer, mar dan wol boeken dy't in ferbining ha mei Fryslân. Hy komt de earste sneon yn de moanne yn it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)