Fûgelgryp yn Wytmarsum; 90.000 piken wurde romme

By in pikebedriuw yn Wytmarsum is fûgelgryp fêststeld. Om fersprieding foar te kommen sille alle 90.000 piken op it bedriuw romme wurde troch de NVWA. It giet om in 'hoogpathogene' fariant fan it firus.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Binnen trije kilometer fan it bedriuw binne noch trije pikebedriuwen, by dizze bedriuwen sil ûndersyk dien wurde oft der ek fûgelgryp is.
Foar alle bedriuwen oant 10 kilometer ôfstân fan it Wytmarsumer bedriuw is in ferfiersferbod ynsteld foar plomfee, aaien en oare bisteprodukten.