Frou komt om by slim ûngelok op N979 flakby Haulerwyk

Op de Hoofdweg N979 by Een-West, flakby Haulerwyk, is sneontemoarn in 21-jierrige bestjoerster út Haulerwyk om it libben kommen. De automobiliste kaam út de rjochting fan Haulerwyk, rekke troch ûnbekende oarsaak neist de dyk en botste tsjin in beam.
© Compact Media
Help fan in mobyl medysk team en de brânwacht mocht net mear baatsje. It slachtoffer stoar op it plak sels. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.